De oaljefantsfûgeleftigen (wittenskiplike namme: Aepyornithiformes) foarmen in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groepen fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae) en de nije rinfûgels (Novaeratitae). Dit útstoarne skift telde ien inkele famylje, dy fan 'e oaljefantsfûgels (Aepyornithidae). De oaljefantsfûgeleftigen wiene lânseigen op it grutte eilân Madagaskar, dat foar de Eastafrikaanske kust yn 'e Yndyske Oseaan leit. It wiene flechtleaze rinfûgels fan in ûnbidige grutte (mear as 3 m heech), dy't it naust besibbe wiene oan 'e folle lytsere kiwy-eftigen (Apterygiformes) fan Nij-Seelân.
Skiftopbou
skift oaljefantsfûgeleftigen (Aepyornithiformes) † famylje oaljefantsfûgels (Aepyornithidae) † skaai Aepyornis † Aepyornis gracilis † Aepyornis hildebrandti † Aepyornis maximus † Aepyornis medius † skaai Mullerornis † Mullerornis betsilei † Mullerornis agilis † Mullerornis rudis †
Kategory:Fûgelskift
